Premiêre Sanfirdo – de foarstelling

Wanneer:
27 september 2019 @ 20:00 – 22:00
2019-09-27T20:00:00+02:00
2019-09-27T22:00:00+02:00
Waar:
Kerkje Sandfirden
Sandfirden 2
Kosten:
Gratis
Contact:
Bennie Huisman
06-29155260

Bennie Huisman skreau ein jierren ’90 it liet: ‘Simmerfamke fan Sânfurd’. Dêrneist ferskynde der doe in novelle, dy’t yn Sânfurd spilet. Liuwe bedarret yn dat ferhaal mei syn boat yn Sânfurd en moetet Elize, de dochter fan de koster. Se wurde fereale, mar nei in wike nimme se ôfskie, sûnder dat we witte hoe’t it fierder giet.

Lykwols, ein septimber fan dit jier witte we mear. Dan wurdt yn de tsjerke fan Sânfurd de roman Sanfirdo presintearre. Dêryn wurdt ferteld hoe’t it fierder giet.

Mar Bennie is net inkeld skriuwer. Hy is ek sjonger, dichter, muzikant en ferteller. Dêrom is op dizze beide jûnen ek de premiêre fan Sanfirdo – de foarstelling. Want muzyk spilet ek yn de roman in grutte rol. Fanwege de ferwachte belangstelling al even yn ’t foar oanmelde fia info@benniehuisman.nl.

Yngong fergees, kollecte nei ofrin.

Freed 27 septimber 20.00 oere
Sneon 28 septimber 20.00 oere